Premjêre soloprogram Schuurmans

© Omrop Fryslân
It teaterprogramma fan Maaike Schuurmans giet tongersdei yn premjêre yn de Lawei yn Drachten. Dêrnei is de foarstelling te sjen yn Roosendaal, Doetinchem, Amsterdam, Zwijndrecht, De Gordyk en Frjentsjer.
Yn de show 'Anyone who had a heart' sjongt Maaike Schuurmans ferskes fan de Amerikaanse komponist Burt Bacharach. It is it earste soloprogramma fan Schuurmans. De cd mei de ferskes komt heal febrewaris yn de winkels te lizzen.