'Ried moat op toernee'

05 jan 2006 - 12:20
Foto: Omrop Fryslân

De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat moat ien of twa kear yn it jier op toernee. Dat sei boargemaster De Roos- van Rooden woansdei yn har nijjierstaspraak.

No sit de ried altyd yn it riedshûs yn Balk, mar as in ûnderwerp op de aginda dêr oanlieding foar jout kin de ried ek wolris nei in gebou yn in oar doarp yn de gemeente, fynt de boargemaster. De ôfstân tusken de polityk en de boarger kin sa lytser wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)