Problemen mei deklaraasjes

05 jan 2006 - 06:39

Húsdokters ha grutte problemen troch de ynfiering fan it nije soarchstelsel. Se moatte fan 1 jannewaris ôf har kosten digitaal deklarearje. Fia de kompjûter wurde de fersekeringsgegevens fan pasjinten ferlike mei dy fan de soarchfersekerder. Binne dy gelyk, dan kin der in rekken makke wurde.

Mar it systeem kin de 3 miljoen oanfragen deis net oan. Neffens minister Hoogervorst fan Sûnenssoarch kleie de húsdokters te gau.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)