Minste skiedingen yn Kollumerlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Kollumerlân stiet op it fjirde plak fan gemeenten dêr't it minst skieden waard yn 2004. Dat docht bliken út sifers fan it sintraal buro foar de statistyk, it CBS.
Boppeoan stiet de gemeente Tubbergen mei 1,3 skiedingen per tûzen troude froulju. Dêrnei komme Staphorst en Urk. Fjirde stiet dus Kollumerlân mei 2,2 skiedingen. Yn 'e top 25 stean meiïnoar 6 Fryske gemeenten, wêrûnder Achtkarspelen en Littenseradiel.