Oplichter ek yn België aktyf

04 jan 2006 - 21:59

In 40-jierrige man, dy't foarige wike de plysje en in hoteleigner yn Ljouwert oplichte hat, stiet yn België bekend as de hotelrot Mister McIntosh. Yn België die de man, dy't yn it echt Farouk hyt, him foar as in 45-jierrige Kanadeeske sakeman.

Lykas yn Ljouwert fertelde de sakeman de Flaamske plysje dat er berôve wie. Mei dat ferhaal gong er nei hotels dêr't er de eigners hûnderten euro's ôftroggele. Hy hat yn de sel sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)