Ruften yn griene kontener

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan de gemeente Smellingerlân binne frege ruften net mear yn de grize, mar yn 'e griene ôffalkontener te smiten. Dit jier giet it om trije miljoen ruften, dat is sa'n 600 tûzen kilo ôffal dat oars op it stoart bedarret.
In spesjaal bedriuw ferwurket de ruften, want in part fan it materiaal kin op 'e nij brûkt wurde. De gemeente besparret sa sa'n 60 tûzen euro oan stoartkosten.