Sven Kramer kin nei it EK

© Omrop Fryslân
Der is neat slims oan de hân mei de rêch fan reedrider Sven Kramer fan Aldskoat. Dat die tiisdei bliken by in mri-scan. Kramer hie ferline wike by de Olympyske kwalifikaasjewedstriden op it Hearrenfean in soad lêst fan de rêch. In dokter sei moandei dat er in mri-scan meitsje litte moast.
Op dy scan is lykwols neat bysûnders te sjen. Dat betsjut dat Kramer nije wike gewoan meidwaan kin oan it EK Allround yn Hamar.