Thússoarch yn reade sifers

© Omrop Fryslân
Fjouwer fan de tsien thússoarch- organisaasjes sit yn de reade sifers. Dat seit Jan Dobbinga, direkteur fan Samenzorg. Dat is in organisaasje foar kream- en thússoarch yn Noard-Nederlân.
Dobbinga basearret dy útspraak op de sifers dy't geregeld ferskine en dêr't de folsleine sektor mei yn byld brocht wurdt. Wichtichste oarsaak foar de minne sifers binne maatregels fan it regear. Dy soargje derfoar dat de ynkomsten yn de thússoarch omleech gean.