Nije wurdfierder Waadferiening

04 jan 2006 - 13:46

Direkteur Hans Revier fan de Waadferiening leit syn funksje as direkteur eksterne betrekkingen del. Hy sil ek net mear as wurdfierder optrede. Dy funksjes wurde tenei útfierd troch de algemien direkteur, Hidde van Kersen.

Revier bliuwt wol ferbûn oan de Waadferiening, as haadredakteur fan it Waddenmagazine. Ek sil er him de kommende jierren dwaande hâlde mei ûndersyk en ûnderwiis oer de Waadsee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)