Politike merk yn Boalsert

© Omrop Fryslân
De gemeente Boalsert sil tenei fergaderje nei foarbyld fan it Almere-model. Yn Almere stean de jûnen bekind as de politike merk. Minsken kinne delkomme by inrinsprekoeren. De feroarings binne dêr ynfierd troch it kolleezje fan boargemaster Jorritsma, âld- ynwenster fan Boalsert.
Doel fan de nije wize fan fergaderjen is dat der rapper in beslút nommen wurde kin en dat de ynwenners mear belutsen wurde by de polityk.