Subsydzje pleatsen en tsjerken

04 jan 2006 - 10:13

Partikulieren en ynstellings kinne oant 1 maart noch in berop dwaan op de subsydzjeregeling foar monumintesoarch en kultuerhistoarje. Foar dizze twadde subsydzjeronde hat de provinsje 1,3 miljoen euro beskikber. Der is jild foar monuminten, mar ek foar bouhistoarysk ûndersyk.

Neffens deputearre Mulder sil ekstra omtinken jûn wurde oan it opknappen fan pleatsen, moles en tsjerken yn de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)