Nije Fryske jachtbouwer

04 jan 2006 - 08:02

Fryslân hat der wer in nije jachtbouwer by. It giet om jachtferhierder Veltman út Snits dy't in nij type skip ûntwerpe litten hat. Neffens direkteur-eigner Grieko Veltman is der by it ûntwerp fan it nije jacht foaral sjoen nei de winsken fan de hierders. Sa is de boaiem fan it jacht fersterke sadat it skip sûnder skea op te rinnen op in stiennen ûndergrûn farre kin.

Veltman hat in hierfloat fan 20 jachten yn benammen it djoerdere segmint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)