Reis mei biobrânstof begûn

© Omrop Fryslân
Op it provinsjehûs yn Ljouwert is tiisdei it startskot jûn foar in autoreis nei Peking mei allinnich biologyske brânstof. Johan Roos en Sander Ansems út Den Haach besykje om yn fjouwer moanne mei harren Landrover yn Peking te kommen. De manlju wurde krije finansjele stipe fan de provinsje.
Fryslân sjocht yn de reis in moaie oanlieding om it gebrûk fan natuerlike brânstof by it grutte publyk ûnder de oandacht te bringen.