Hortinsjedieven yn Feanwâlden

© Omrop Fryslân
Hortinsjedieven binne wer aktyf yn Fryslân. Diskear binne ynwenners fan Feanwâlden it slachtoffer wurden. Foarich jier om dizze tiid wiene de dieven ek al aktyf. Mar noch altyd is it in riedsel wa't der achter sit en wat der mei de planten dien wurdt.
De plysje krijt geregeld meldings fan hortinsjes dy't fernield binne, mar der binne noch gjin offisjele oanjeftes dien. De saak hat by harren ek gjin prioriteit.