Baktearje op IC: opnamestop MCL

04 jan 2006 - 07:37
Foto: Omrop Fryslân

Der is in opnamestop op de intensive care-ôfdieling fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Tsien operaasjes binne útsteld. De ôfdieling yntensive soarch moat desynfekteard wurde, omdat der by in oantal pasjinten op de ôfdieling in darmbaktearje fêststeld is, dy't dreech te bestriden is. It giet om de saneamde VRE-baktearje. Dy hat hast gjin gefaarlike gefolgen, mar út foarsoarch moat fersprieding foarkommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)