Gebou ôfbaarnd yn Warkum

03 jan 2006 - 16:20

Oan it Noard yn Warkum is tiisdeitemiddei in pân folslein ôfbaarnd. It giet om in gebou njonken it wenhûs fan in dokter út Warkum. De brân ûntstie op de ûnderste ferdjipping, de oarsaak is noch net bekend.

De brânwachtkorpsen fan Warkum en Hylpen ha it fjoer blust. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. It gebou wie krekt klear, neidat der fiif jier wurke wie oan in restauraasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)