30-km-sône yn Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Bij de Oosterpoortsdam yn Frjentsjer wurdt takom wike in begjin makke mei it oanlizzen fan in 30-kilometersône. Yn desimber gie de binnenstêd op 'e skep. Der waard begûn by de Westerpoortsdam.
Omliedings foar it ferkear binne oanjûn mei buorden. Ofhinklik fan it waar duorje de wurksumheden sawat 4 wike. As it wurk by de Oosterpoortsdam klear is, wurdt as lêste de dyk by Kleyenburg oanpakt.