Domynnamme Nijpels klaimd
Kommissaris Nijpels kart it kapen fan domynnammen op ynternet ôf. Hy reagearret dêrmei op it klaimen fan syn eigen site, www.ednijpels.nl, troch de stichting Fryske Aksje. Nijpels wist net dat de site mei syn namme al oardel jier yn hannen is fan dy aksjegroep.
De stichting wol dat Nijpels mear Frysk praat, om't Frysk in folweardige taal is. De site wurdt wer frijjûn as er de Steaten yn it Frysk foarsit mar Nijpels makket der fierder gjin wurk fan.