'Rampkoördinator' yn NE-Fryslân

© Omrop Fryslân
De gemeenten yn Noardeast-Fryslân sille dit jier mear dwaan om rampen foar te kommen. Dêrom is der in spesjale feilichheidskoördinator oansteld. Dat sei boargemaster Aalberts fan Dantumadiel yn syn nijjierstaspraak.
Neist Dantumadiel sil de feilichheidskoördinator wurkje yn Achtkarspelen, Kollumerlân, Dongeradiel en op Amelân en Skiermûntseach. De ATF- brân yn Drachten yn 2000 wie ûnder oaren oanlieding foar de oanstelling.