Antonius-sikehûs alwer te fol

© Omrop Fryslân
It Antonius-sikehûs yn Snits wykt tydlik út nei de nije sûnensboulevard om de groei fan it tal pasjinten op te fangen. It tal pasjinten groeit alle jierren mei 5 persint. Dêrtroch is der in tekoart oan romte op de poliklinyk en by de ôfdieling radiology. Der binne al plannen om dy ofdieling út te wreidzjen.
De tarin komt troch de fergrizing, mar ek om't der hieltyd mear minsken út de polder nei Snits gean.