Krystpakketten sammele en sutele

03 jan 2006 - 13:50

In aksje om krystpakketten yn te sammeljen yn Drachten hat meiïnoar 70 doazen fol guod opsmiten. Ek binne der noch 10 krystbôlen en 225 euro ophelle.

In part fan de pakketten is al foar de krystdagen nei de stichting Noodhulp Dakloze Vreemdelingen gongen. In oar part is skonken oan de Yntertsjerklike wurkgroep AZC. Ek hawwe in ynrinhûs foar dakleazen yn Drachten en de stichting Maatschappelijke Ondersteuning in pear pakketten krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)