Surhústerfean yn Smellingerlân?

© Omrop Fryslân
Surhústerfean is yn 'e takomst better út mei de gemeente Smellingerlân as mei de gemeente Achtkarspelen. Dat liet de ûndernimmersferiening H en I witte yn har nijjiersbyienkomst.
De polityk yn Achtkarspelen wurdt ferwiten dat se de gemeente yn ekonomysk opsicht net genôch op 'e kaart sette. Oansluting by de A7-sône soe foar it bedriuwslibben yn Surhústerfean better wêze. De feriening wol dêr graach in referindum oer hâlde.