"Plysje kin klantfreonliker "

03 jan 2006 - 12:14

It plysjewurk yn it Noardeast-Fryslân stiet ûnder druk, mar toch moat de plysje besykje klantfreonliker te wurkjen. Dat seit boargemaster Bilker fan Kollumerlân.

Bilker fynt dat de plysje op dit stuit goed wurk docht yn Noardeast-Fryslân, mar wat aardiger kin it noch wol. Sa krije boargers geregeld te hearren dat de plysje gjin tiid foar har hat. Dat is wol begryplik, neffens Bilker, mar it mei eins net gebeure.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)