Publisiteitspriis Snits foar NPS

© Omrop Fryslân
De NPS hat de publisiteitspriis 2005 fan Snits krigen. Dy priis is bedoeld foar de persoan of organisaasje dy't Snits it bêste yn de oandacht brocht hat. De NPS krige him foar it ferslach fan de lanlike oankomst fan Sinteklaas, ôfrûne novimber.
It Nederlands Modeltreinen Museum krige de twadde priis en de tredde gie nei Neel Sikkens fan Snits. Sy waard twadde by it wrâldkampioenskip blomskikken yn Japan.