Schadd: net sa oerdriuwe

© Omrop Fryslân
De mienskip reagearret betiden oerdreaun en hysterysk, as minsken it gefoel ha dat har feilichheid yn gefaar is. Dat seit boargemaster Schadd-De Boer fan Boarnsterhim.
Oft it no giet om terreur-wetjouwing of ûntsnapte TBS'ers, der wurdt faak reagearre mei it betinken fan regels dy't foarkomme moatte dat der nochris wat slims gebeurt. Dat is net altyd nedich, fynt Schadd. Minsken moatte fertrouwe op regels dy't der al binne.