Ploeg net ferrast troch krityk

03 jan 2006 - 10:19

Deputearre Ploeg is net ferrast dat boargemasters yn nijjiersredes fûl úthelje nei de provinsje. De krityk giet deroer dat de provinsje him neffens gemeenten te bot bemoeie wol mei gearwurking tusken gemeenten.

Nei oanlieding fan in sels-evaluaasje troch de gemeenten stelde Jan Ploeg foar om ris mei de gemeenten te praten oer de bestjoerskrêft en oer de fraach of weryndieling ek in opsje is. In soad gemeenten sjogge dat net sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)