'Undersyk nei plak Fries Museum'

© Omrop Fryslân
In groep Fryske pommeranten wol in ûndersyk nei it plak fan it Frysk museum. Se freegje har ôf oft it museum net oan de Turfmarkt bliuwe kin, ynstee fan te ferhúzjen nei it Saailân.
Neffens de aksjegroep, mei Pieter Tichelaar en Johanneke Liemburg, binne de gebouwen oan de Turfmerk fan grutte kultuer-histoaryske wearde. Der soe ûndersocht wurde moatte oft it museum dêr útwreidzje kin. De groep wurket oan in hântekenlist fan 100 meistanners.