ICT-sektor wer by de wâl op

02 jan 2006 - 22:07
Foto: Omrop Fryslân

De noardlike ICT-sektor sil dit jier fierder út it dal omheech klimme. Dat tinkt alteast foarsitter Ate van der Meer fan de noardlike ICT-bedriuwen en direkteur fan it Snitser bedriuw Snakeware.

Snakeware is in inisjatyfnimmer fan it Friesland House yn Amsterdam, in foarpost fan noardlike ICT-bedriuwen. It bedriuw sels hat de groei ek goed te pakken en sit fan moandei ôf yn in nije, gruttere festiging.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)