Hast 1200 ljipaaien fûn
Der binne sûnt de fynst fan it earste ljipaai ferline wike freed oant no ta hast tolvehûndert ljipaaien yn de provinsje fûn. It kwotum foar dit jier stiet op goed 5939 ljipaaien.
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten ferwachtet dat dat oantal mei trije of fjouwer dagen berikt is. Dit wykein binne in hiel soad aaisikers it lân yn.