Bettere gearwurking op Flylân

© Omrop Fryslân
Boargemaster Galema fan Flylân fynt dat it wol better kin mei de gearwurking op har eilân. Dat sei se moandei yn har nijjierstaspraak. Der moat neffens har in platfoarm komme dêr't fertsjintwurdigers yn sitte fan de middenstân, horeka, de gemeente en steatsboskbehear.
It platfoarm moat ûnder oare plannen meitsje om nije toeristen nei it eilân te lûken. Mar der moat ek neitocht wurde oer nije huzen en foarsjennings.