Doeksen min te berikken

© Omrop Fryslân
Rederij Doeksen yn Harns is op it stuit min te berikken. Om't no it nije boekingsjier útein set, wurdt der in hiel soad belle en de sintrale kin al dy tillefoantsjes net oan. Neffens de rederij is dit alle jierren sa en is de drokte normaal sprutsen nei twa dagen wer foarby.
De ynfiering fan in online boekingssysteem kin de problemen oplosse, mar dat is útsteld nei 1 maart dit jier.