Wrâldkampioen linedance
Johan Kieftenburg fan Ljouwert is dit wykein yn it Sweedske Stockholm wrâldkampioen linedance wurden. Hy behelle it sukses op it ûnderdiel koreografy. Dielnimmers moatte yn dat ûnderdiel in sels betochte countrydance opfiere.
Mei it beheljen fan de titel is de 23-jierrige Kieftenburg al foar de fiifde kear wrâldkampioen wurden.