Jonge ferwûne troch karbidbus

02 jan 2006 - 11:19
Foto: Omrop Fryslân

In jonkje fan 11 út Marrum is snein ferwûne rekke by it ôfstekken fan in karbidbus. Yn de bus siet noch in restje karbid. Doe't de jonge dêr in flamke by hâlde fleach it lit fan de bus ôf.

De jonge krige it lit tsjin de earm. Troch de klap foel er en dêrby rekke er ferwûne oan 'e holle. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)