Freulebyld yn Wommels fernield

© Omrop Fryslân
Fandalen ha yn de âldjiersnacht it byld fan de freule Clara de_Vos yn Wommels fernield. It brûnzen byld stie op de terp midden yn it doarp en is mei de jierwiksel mei sokkel en al omsmiten. Ek waarden inkelde jiskebakken en in bankje fernield.
It byld stiet sûnt 1984 yn it doarp. De freule De Vos skreau yn 1902 de earste Freule keatspartij yn Wommels út. Ek soarge se jierrenlang foar de prizen by de jongeskeatspartij.