Aldjiersnacht rêstich ferrûn

02 jan 2006 - 10:06

De plysje sprekt fan in rêstige âldjiersnacht yn ferliking mei foarige jierren. Dat wol net sizze dat der hielendal neat bard is. Yn Drachten wie bygelyks in fjochtpartij op de Ie dy't út de hân rûn. Immen bruts dêrby de kaak. Fierder waard der op de Bloemkamp troch ien mei in fjoerwapen swaaid.

De brânwacht moast âldjiersnacht sa'n 50 kear yn aksje komme. It gong meast om lytse kontenerbrantsjes. Der wiene gjin grutte ynsidinten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)