Aldjiersmosk by FEC

© Omrop Fryslân
De âldjiersploech fan Doezum hat sneon in stânbyld fan in mosk by it FEC yn Ljouwert delset. De Doezumers ferwize dêrmei nei it deasjitten fan in mosk by Domino Day. It bistje soarge derfoar dat 23.000 stientsjes omfoelen.
Op in spandoek neist de mosk stiet Waarom een monument in Rotterdam als het ook in Leeuwarden kan? De dominomosk wurdt opset yn it Natuurmuseum fan Rotterdam en is dêr te sjen op in grutte tentoanstelling.