Cramer noch net wis fan Turijn
De Olympyske Spelen kinne dochs noch oan de noas fan reedrydster Wieteke Cramer fan It Hearrenfean foarby gean. It like dat Cramer mei har fjirde plak op de 1500 meter wis wie fan Turijn.
Mar as Barbara de Loor har skate-off op de 1000 meter wint, feroaret de saak. It Olympysk Comité lit nammentlik maksimaal tsien froulju nei Turijn gean. Mei De Loor as winner komt it tal op 11. Yn dat gefal geane der mar trije rydsters op de 1500 meter nei Turijn.