Fjoerwurkferkeap neffens regels

01 jan 2006 - 14:22

De Fryske fjoerwurkferkeapers hâlde har dit jier goed oan de regels. Dat seit de provinsjale ynspeksje. Dy hat sneon wakker oan it kontrolearen west by ferkeappunten. Der wurdt yn Nederlân tsien persint mear fjoerwurk ferkocht as ferline jier. Yn Fryslân ha guon hannelers sels in tredde mear omset.

Foaral it djoere sierfjoerwurk docht it goed. Nei ferwachting giet der Aldjiersnacht foar mear as 50 miljoen euro oan fjoerwurk de loft yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)