Reizger berôve fan syn guod

© Omrop Fryslân
In 45-jierrige man út Melbourne is freed yn Ljouwert berôve fan al syn guod. De man wie op reis nei Londen en soe in pear dagen nei Kollum. In ûnbekende persoan bea him help oan en naam him yn in auto mei nei in hotel.
Underweis waard de Austraaljer troch de ûnbekende man en de sjauffeur fan de auto berôve. De twa ferdwûnen mei in jas en twa grutte tassen fan de bûtenlanner. Dêryn siet ûnder mear in beurs mei jild, paskes en in laptop.