TAP hâldt der mei op

31 des 2005 - 17:05

Oan in hast fjirtichjierrige Terwispeler tradysje komt sneon in ein. De Terwispeler Aldjiers Ploech, de TAP, hâldt der mei op. De âldjiersploech is net in feriening fan grutte stunts, mar soarge fan 1966 ôf alle jierren foar in show foar de ynwenners fan Terwispel.

De TAP bestiet fanâlds út jongerein en dy wolle net mear meidwaan. Mar ek alle regels dêr't se har tsjintwurdich oan hâlde moatte spylje de ploech parten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)