Steaten tsjin oerpleatsing SAR's

© Omrop Fryslân
De SAR-helikopters meie net ferhúzje nei Den Helder. Mei dat boadskip komme de Fryske steaten. De trije SAR-heli's op de fleanbasis Ljouwert moatte fan minister Kamp fan definsje nei Den Helder. Dêrmei komt de helpferliening yn it Waadgebiet yn gefaar, skriuwe de steatefraksjefoarsitters oan deputearre steaten.
Kommissaris Nijpels kaam earder al yn ferset tsjin de oerpleatsing fan de SAR-heli's.