Winaam bûcht net foar jild

31 des 2005 - 14:31

Doarpsbelang Winaam makket gjin gebrûk fan de 200.000 euro dy't oanbean is oan it doarp. Seis inisjatyfnimmers hiene it jild jaan wollen yn ruil foar stipe foar de bou fan wynmûnen oan de N31 by it doarp.

Doarpsbelang soe derfoar soargje moatte dat de beswieren tsjin de mûnen oplost wurde. Mar neffens doarpsbelang giet it om smarjild. It giet om in bedrach fan 10.000 euro it jier, dat 20 jier lang útbetelle wurde soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)