Skeel oer Tillehûs yn ried

© Omrop Fryslân
De útwreiding en renovaasje fan it doarpshûs Tillehûs yn Kootstertille wurdt mids jannewaris yn de ried fan Achtkarspelen bepraat. It bestjoer wol it Tillehûs útwreidzje en modernisearje litte. It kolleezje sjocht de needsaak fan de útwreiding net yn. Boppedat soe der gjin jild foar wêze.
De kosten wurde rûsd op 250.000 euro. Hast de helte kin neffens it bestjoer út subsydzjes komme. Mar neffens it kolleezje is in ferbouwing foldwaande.