Staking Doeksen fan de baan

31 des 2005 - 12:22
Foto: Omrop Fryslân

Personiel fan rederij Doeksen yn Harns sjocht ôf fan aksjes, no't de fakbûnen in akkoart berikt ha oer de roasters foar takom jier.

It personiel wie benaud dat se troch it nije roaster minder wurk krije soene en dus minder fertsjinje soene. Se krije no gewoan neffens it âlde roaster betelle. It nije farskema wurdt wol ynfierd. Takom jier sil de direksje nije roasters meitsje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)