'Waskerij draait foarearst net'

© Omrop Fryslân
It kin noch wol in jier duorje foardat waskerij De Blinde op it Hearrenfean wer draait. Dat seit direkteur Ivo de Blinde. De waskerij is tongersdei foar in grut part ôfbaarnd.
It fjoer is ûntstien yn in hal dêr't tekstyl foar de horeka en de sûnenssoarch wosken wurdt. It wurk wurdt no oernommen troch waskerijen yn Boalsert en Winschoten. De 75 man persoaniel sil oan de slach yn Boalsert.