Enkête oer wetterplan

De gemeente Smellingerlân ropt syn ynwenners op om mei te tinken oer in wetterplan foar de gemeente. Dêryn stiet hokker maatregels der nedich binne om it wetterbehear sa goed mooglik yn te rjochtsjen. It wetterplan is bedoeld foar de perioade 2013-2016.
De gemeente wol fan de ynwenners witte wat der ferbettere wurde kin op it mêd fan wetter en wetterbehear yn de wiken en doarpen fan Smellingerlân. Oant 2 april kin der in enkête ynfold wurde. De resultaten wurde brûkt by it opstellen fan it nije wetterplan.