Flyers ferlieze mei 4-0

31 des 2005 - 11:15

IIshockeyploech Vadeko Flyers fan It Hearrenfean hat freedtejûn yn Amsterdam de twadde wedstriid fan de heale bekerfinale mei 4-0 ferlern fan Amstel Tigers. Troch dizze útslach steane beide ploegen op ien oerwinning elk yn de best of three-searje.

De beslissende wedstryd wurdt kommende woansdei spile yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean. De winner fan Vadeko Flyers en Amstel Tigers spilet op 18 jannewaris yn de finale tsjin Tilburg.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)