Kramer 3e op NK 1500 meter

© Omrop Fryslân
Reedrider Sven Kramer is freedtejûn tredde wurden op de 1500 meter. Mei in tiid fan 1.46.88 einige Kramer efter winner Jan Bos en nûmer twa Erben Wennemars.
It is noch net hielendal wis oft Kramer him ek op dizze ôfstân pleatst hat foar de Olympyske Spelen. Kramer hie yn't foar gjin nominaasje en moat miskien noch in skate-off ride mei nûmer fjouwer Rhian Ket en de blessearre Simon Kuipers.