Wer keunstkij stellen

31 des 2005 - 09:52

By agrarysk edukaasjesintrum De Hammerslach yn Westergeast binne twa keunstkij stellen. It giet om in itende ko en in keunstko yn 'e foarm fan in bankje.

Earder dizze wike ferdwûn der al in keunstko út in tún yn Kollum. Ek soe der ien stellen wêze by in Grinzer restaurant. Der wurdt tocht oan it âldjiersgrap. De eigners fan de kij wolle de bisten graach werom ha. De wearde fan de keunstkij is 2200 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)