IIs foar fiskôfslach Lauwerseach

31 des 2005 - 09:47

De fiskôfslach Lauwerseach sil mei yngong fan it nije jier sels rêde mei de iisproduksje yn de haven fan Lauwerseach. De iisleverânsje oan skippen is dêrtroch wer garandearre. Dy kaam yn gefaar troch de sluting fan it iisfabryk yn Lauwerseach.

De fiskôfslach sil earst mei in tydlike ynstallaasje iis produsearje, de kommende moanne wurdt begûn mei de opbou fan in iismakker mei in opslachbunker fan 25 ton iis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)